"Ien jier útstel fan 'Lelystêd' lost hielendal neat op"

21 feb 2018 - 09:11
  • Deputearre Michiel Schrier

De útwreiding fan fleanfjild Lelystêd mei in jier útstelle, dat lost neat op, seit Twadde Keamerlid Suzanne Kröger fan GrienLinks. "Door de geweldige inzet van bewoners maakt de minister nu eindelijk een pas op de plaats."

"Alleen lost een jaar uitstel niets op. Het luchtruim is té vol en groei luchtvaart staat haaks op klimaatdoelen. Wat GroenLinks betreft wordt uitstel afstel."

Minister wol mear ûndersyk

Boarnen melde woansdei oan it ANP dat minister Cora van Nieuwenhuizen fan doel is om de útwreidingsplannen fan Lelystad Airport mei in jier út te stellen, nei berjochtjouwing fan RTL Nijs en De Telegraaf. 

It plan wie om Lelystêd yn 2019 út te wreidzjen, om flechten fan it drokke Schiphol op te fangen. Yn Fryslân is der in soad ferset tsjin de plannen. Minsken binne bang foar lûdsoerlêst. De minister wol mear tiid nimme om dat te ûndersykjen. 

"Ekstra tiid fan grut belang"

Neffens koälysjepartij CDA stiet de soarchfâldichheid yn it proses foarop. Dat seit Twadde Keamerlid Mustafa Amhaouch. "Goed dat de minister dit ook inziet en daarom de opening uitstelt tot 2020. Hierin komt zij tegemoet aan de zorgen van de inwoners en dat onderstreept het CDA van harte. De extra tijd is van groot belang om het vertrouwen van onze inwoners te herstellen."

De stichting HoogOverijssel dy't demonstrearre tsjin de útwreiding, is bliid mei út útstel, seit foarsitter Jan Rooijakkers. "We zitten er niet op te wachten dat de omwonenden van Schiphol nu meer last krijgen. Het voordeel van het uitstel is om nu eens goed na te denken om bijvoorbeeld korte afstanden alleen met de trein te laten doen en niet per vliegtuig. Dan heb je Lelystad helemaal niet meer nodig en het is ook veel beter voor het milieu.''

"Rammelend onderzoek"

Twadde Keamerlid Jan Paternotte fan D66 fynt dat it fleanfjild pas iepen kin as it ûndersyk goed útfierd is. "Goed bestuur is de basis van het vertrouwen van de mensen in de overheid. Vliegveld Lelystad kan niet worden geopend op basis van rammelend onderzoek."

"Eerst moet een onafhankelijke commissie beoordelen of er nú wel een deugdelijk onderzoek ligt over de gevolgen voor omwonenden en de leefomgeving, nu de fouten in de milieueffectrapportage zijn hersteld. Daar hebben de omwonenden recht op," seit Paternotte.

"Van uitstel komt afstel"

De SP wol hielendal wol fan de útwreiding ôf, seit Twadde Keamerlid Cem Laçin. "Dit is de eerste stap om het vertrouwen van de mensen uit Overijssel, Friesland, Gelderland en Flevoland in de overheid te herstellen. Wat de SP betreft komt van uitstel straks afstel."

(advertinsje)