Kollum: "Gas en kearnôffal"

21 feb 2018 - 07:37

"De Waadferiening waard yn 1965 oprjochte. Mei syn tsientûzenen waarden we daliks lid. It Waad moast ommers it Waad bliuwe. Aksjepartij Greenpeace is yn 1971 oprjochte. Yn de jierren dêrnei harken we dan nei de radio, wêr't dan ien fan dy helden fan Greenpeace foar in tige kreakerige telefoan útlei wat foar heldedieden se dwaan soene en dien hienen yn fiere lannen en see. Ek al koenen we der neat fan ferstean, we klapten ús de hannen stikken. Wiene lilk as de skippen troch de bûtenlânske oerheden en oaljemaatskippijen fêstketene of ynnaam waarden. En we libben mei as ús griene favoriten de bak yn moasten. It hat hjir en dêr noch wol wat holpen, mar se binne net iens safolle opsketten. Hoewol, se hienen sympaty fan Fryslân.

Ferline wike tongersdei klauden njoggen Greanpeacelju, mei in lekken dêr't in tekst op stie, op in boarplatfoarm. By Skier siket Hansa Hydrocarbons fan Ingelân nei gas. De oare deis barde hjir ek, wat oeral barde: de plysje kaam en sette de platfoarmbestoarmers yn de bak. En wy, sympatisanten, wat dienen wy? Presys: gjin bliksem. Wy lieten harren oppakke, sûnder dat der eamele waard, sûnder dat de Volkskrante, Trouw of Vrij Nederlân grutte ferhalen hienen, sûnder dat de aksjefierders by Jinek sieten.

Ja Ineke van Gent, de boargemaster fan Skier, dêr op hannen hinne droegen troch de griene 'upper ten' lykas Femke Halsema, Paul Rosenmöller en Lutz Jacobi; sy stie freed mei in ploechje oare Skieren mei wat buordsjes op it eilân. En Ineke is noch wol sá yn it sâlt bebiten dat der ek wol in pear media wienen. Mar se hie mar 6500 hantekens ûnder de earm. Wy lieten it sa. Gjin oarloch. Jillert syn streekjes, Sjinkie syn penaltys, en Halbe syn kloaterichheden binne folle, folle, folle wichtiger as dat Ingelsen de grûn fan it Waad sa omskuorre, dat it in djipsee wurdt. Foardiel soe dan wer wêze dat je wer mei de boat nei It Amelân koenen. Mar we krije der gjin moksels mear wei. Inkeld en allinne omdat we op syk binne nei gas, wat we net iens mear ha wolle.

Ja, leave regearing, ik ken de problemen. Oer bûtenlân, oer de fertsjinsten oan it gas, oer kâlde winters, oer formele saken ensafuorthinne. Mar dat alles is yn ien kear fuort as we der no, net aanst, mar no in diskusje oer hâlde. Doch om my der ek noch mar in referindum oer, no't dat noch mei. Mar nim in beslissing. Wat dy dan ek is. Mei ynachtnimming dat de yndustry al lang sûnder gas tinkt. En basearje dêr al dat belied op tsjin dy lju dy't hieltyd mar yn ús boaiem omprikke, wylst we oan Grins sjogge dat wy der net de goede boaiem foar ha. En jim ha it goed heard: No. Net aanst. Sjoch ek daliks nei it sâlt, is presys itselde. En doch de ierdwaarmte der daliks mar efkes by, want der stean yn Fryslân in pear projekten te rydboskjen fan ûngeduld om de termometer yn de grûn stekke te kinnen. En wy witte net wat der dan bart.

O ja, as we it no dochs oan de gong binne en it mei syn allen oer de boaiem ha: de fetten mei kearnôffal begjinne te rustkjen. Miskien wit jim it net, mar dat betsjut dat se aanst trochrustke binne. Der moat no wat oan dien wurde, net aanst. Dan is it te let. Jim skine al wer op 'e knibbels yn Fryslân lein te hawwen om te freegjen oft dy rustige fetten hjir net yn 'e grûn kinne. Ik wit net wat it andert fan de Fryske oerheid wie, mar de minsken sizze, útsein in pear idioaten, NEE. Soademiterje op mei dy rotsoai. Betink wat, mar stopje dat spul net yn 'e grûn. Seker net yn jim moaiste rekreaasje- en natoerprovinsje.

En kinne jim der dan by sizze dat it net de FNP wie dy't der foar soarge hat, mar hiel Fryslân. Dat yn syn gehiel unanym fynt dat soks nea barre mei. Ja de FNP liet fan 'e wike witte dat sy it wer oan de provinsje frege hawwe. En ja, de media namen dat allegear klakkeloas oer. Mar wolle jim as regear dan aanst efkes sizze dat it FNP parseberjocht net de trochslach jûn hat."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)