"Harns fersakket noch gjin milimeter troch de sâltwinning"

21 feb 2018 - 06:31

De boaiem ûnder Harns sakket troch de winning fan sâlt mar maksimaal 2,5 milimeter. Undersiker Karin van Thienen-Visser fan TNO hat dat berekkene. Sy is ien fan de eksperts dy't op in ynformaasjejûn belangstellenden byprate oer de effekten fan de sâltwinning. Foar wennings betsjut it dat dy 0,7 milimeter fersakje kinne.

Frisia Sâlt wol op koarte termyn begjinne mei de winning fan sâlt út in put deun njonken de haven. Yn Harns binne se benaud dat de grûn dêrtroch bot sakket. Neffens Van Thienen-Visser sit der noch al in soad ûnwissichheden yn har berekkeningen. Sa is net meinaam wat it mooglike effekt is fan de feroarjende grûnwetterstân.

Guon Harnzers hawwe der dan ek net in soad fertrouwen yn. Sa wol stichting Oud Harlingen it leafst in nul-mjitting dwaan litte. Dat kin letter helpe by it fêststellen fan de eventuele skea.

Direkteur Durk van Tuinen fan Frisia Sâlt tinkt dat de sâltwinning feilich kin. Om temjitte te kommen oan de beswieren fan de Harnsers wol hy in saakkundige in opdracht jaan om in noch better mjitplan op te stellen. Dan kin je goed yn de gaten hâlde hoefolle oft de grûn echt sakket.

Trefwurden: 
Harns sâltwinning Frisia
(advertinsje)