Minister stelt útwreiding Lelystad Airport mei in jier út

© ANP
De útwreiding fan Lelystad Airport wurdt op syn minst mei in jier útsteld. Dat befêstigje boarnen oan it ANP nei berjochtjouwing fan RTL Nijs en De Telegraaf. Minister Cora van Nieuwenhuizen sil hjir neffens dy beide media woansdei in parsekonferinsje oer jaan. It plan wie om Lelystêd yn 2019 út te wreidzjen, om flechten fan it drokke Schiphol op te fangen.
Der is in soad ferset tsjin de plannen, ûnder oare yn Fryslân. In diel fan it fleanferkear soe leech oer dielen fan Súd-Fryslân fleane. Der binne ek fragen oer ûndersiken nei lûds- en miljeuoerlêst, dy't net goed wêze soene. De minister wol no mear tiid nimme foar ûndersyk nei de oerlêst fan it fleanfjild.
Kink yn de kabel
Koälysjepartijen ChristenUnie en D66 hienen al oanjûn dat se twifelen oer de datum. "Een zorgvuldig proces en het werken aan draagvlak is veel belangrijker dan april 2019 als openingsdatum" sei Twadde Kamerlid Eppo Bruins (ChristenUnie) yn jannewaris.
Der wie al in kink yn de kabel kaam omdat foarich jier bliken die dat de lûdsberekkeningen yn it miljeu-effektrapport (MER) net hielendal goed wienen. It rapport moast oanpast wurde.
Nije fertraging
Foarich jier septimber sei ferantwurdlik steatssekretaris Sharon Dijksma (Ynfrastruktuer) dat der op syn lêst yn novimber 2017 in beslút naam wurde moast oer de fleanrûtes, omdat de opleveringsdatum oars yn gefaar komme soe.
It is de twadde kear dat de útwreiding fertraging oprint. Oarspronklik soe it fleanfjild al op 1 april fan dit jier iepen gean. De fertraging yn 2016 kaam omdat de nije yndeling fan fertrek- en oanfleanrûtes langer duorre as ferwachte.