Ynwenners Dantumadiel kinne stimwizer brûke

20 feb 2018 - 22:32

De stimwizer foar de gemeente Dantumadiel is tiisdeitejûn online gien. Riedsleden lansearren de stimwizer foarôfgeand oan de riedsgearkomste op it gemeentehûs yn Damwâld. De stimwizer moat op de kommende gemeenteriedsferkiezingen op 21 maart foar de ynwenners de kar foar in politike partij makliker meitsje. De ûnderwerpen op de stimwizer binne: wenningbou, selsstannichheid fan de gemeente en mooglikheden foar bedriuwen.

(advertinsje)