Lânbouminister Schouten reagearret op keallefraude

20 feb 2018 - 21:40

Lânbouminister Carola Schouten sil alle boeren dy't fouten makke hawwe by de registraasje fan keallen en kij bestraffe. Wol hat se der begryp foar dat in soad boeren, sa't it no liket, net mear as in administrative fout makke hawwe sûnder opset. Dat docht bliken út in brief dy't se tiisdei oan de Twadde Keamer stjoerd hat. Ut de brief blykt dat fan de 2100 blokkearre bedriuwen dy't fan fraude fertocht wurde yntusken 750 wer frijjûn binne. Sy hawwe harren fout opheldere. De minister hopet dat de oare bedriuwen yn de kommende oardel wike beoardiele wurde kinne.

Sa't it no liket giet it by 1500 bedriuwen om fouten mei ien of twa kij. By nochris 500 giet it om 1 oant 5 kij. Op de bedriuwen dy't oerbliuwe giet it om in heger oantal. By grutte fraudeurs kin de boete oprinne oant tsientûzenen euro's. Belange-organisaasjes sille de brief woansdei besprekke.

(advertinsje)