Ljouwert wol fêsthâlde oan ferskillende opheffingsnoarmen

20 feb 2018 - 21:37

De gemeente Ljouwert hat tiisdei it advys oer opheffingsnoarmen yn it basisûnderwiis presintearre. De noarm foar in skoalle yn 'e stêd leit op 150 learlingen, wylst in plattelânssskoalle minimaal 41 learlingen hawwe moat.

Wethâlder Hilde Tjeerdema fan de gemeente fertelt dat der dêrneist ek noch in gemiddelde jildt foar skoalkoepels. As de skoallen dan gemiddeld boppe de opheffingsnoarm komme, kin de skoalle iepen bliuwe. Ek soenen skoallen foar in fúzje kieze kinne, om sa lytsere dependânsen iepenhâlde te kinnen. 

Skoalkoepels PCBO en Proloog binne ek belutsen by de petearen. Dochs soe Proloogdirekteur Albert Helder leaver sjen dat de opheffingsnoarm op 92 learlingen komt foar alle skoallen. "It foarstel fan de gemeente is yn myn optyk skynsekerheid. Wy koerse leaver oan op fitalere skoallen yn de stêd en op it plattelân. Jo hawwe massa nedich om kwalitatyf goed ûnderwiis te leverjen."

It ryk sil him de kommende tiid bûge oer it foarstel.

(advertinsje)