Jild foar Wrâlderfgoedlist en Fries Museum fan lotterij

© Ruben van Vliet Fotografie
De Stichting Wrâlderfgoed Nederlân kriget in ienmalige bydrage fan 325.000 euro fan de Bank Giro Lotterij. It jild wurdt brûkt om de tsien dingen dy't yn Nederlân op de wrâldergoedlist fan de Unesco stean, bekender te meitsjen. Yn Fryslân binne it Woudagemaal en de Waadsee wrâlderfgoed.
Fierders giet der ek in soad jild nei ferskate musea. It Fries Museum kriget in bydrage fan goed twaenheal ton. Dat is in leger bedrach as de oare musea yn Noard-Nederlân. It Drents Museum kriget hast fjouwerenheal ton en it Groninger Museum mear as fiifenheal ton. De bedraggen waarden tiisdei bekend makke op in galafeest yn Laren.