Kuorbalster Marloes Frieswijk opnaam yn nasjonale seleksje

20 feb 2018 - 20:19

Kuorbalster Marloes Frieswijk is troch bûnscoach Wim Scholtmeijer taheakke oan de nasjonale seleksje. De 21-jierrige Friezinne kaam earder fan Wolvegea, mar se komt no út foar Blauw Wit yn Amsterdam. Earder spile se by SCO út Aldeholtpea. Mei it nasjonale team wurket Marloes Frieswijk nei it Europeesk kampioenskip ta. Dat is yn oktober fan dit jier yn Fryslân.

Frieswijk spilet no foar it tredde seizoen by Blauw Wit Amsterdam. De klup stiet op it tredde plak yn de kuorbal-league. Nei fjirtjin wedstriden stiet har teller op 29 treffers.

Trefwurden: 
kuorbal Marloes Frieswijk
(advertinsje)