Tentoanstelling oer Giorgio Morandi yn Museum Belvédère

Yn Museum Belvédère yn Oranjewâld is fan freed ôf in ynternasjonale toptentoanstelling te sjen: skilderijen fan de Italiaanske skilder Giorgio Morandi. It binne lânskippen en stillibbens fan flessen, potten en fazen. It liket hiel ienfâldich, mar Morandi is dêr wrâldferneamd mei wurden. In protte oare keunstners hawwe harren troch Morandi ynspirearje litten. Foar Museum Belvédère is dizze tentoanstelling in grutte winsk dy't útkomt. It is ek in tige kostbere ûndernimming. Der binne tsientallen skilderijen en tekeningen fan Morandi yn brûklien krigen fan musea yn Bologna, Turijn, Milaan en Sienna.
Morandi
Giorgio Morandi libbe fan 1890 oant 1964. Hy kaam hast net bûten syn berteplak Bologna en hy kaam net folle ûnder de minsken. Syn stillibbens makke er yn syn atelier. Dochs binne der ek eleminten fan arsjitektuer en de kleuren fan Bologna yn syn wurk te finen. By de tentoanstelling yn Belvédère hingje ek foto's fan Ada Duker, in Grinzer keunstneres dy't de relaasje tusken Morandi en de stêd Bologna ûntdutsen hat.
De tentoanstelling duorret oant en mei 10 juny 2018.