De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân meie 2500 huzen bouwe

20 feb 2018 - 17:37

Yn de gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân kinne de kommende acht jier 2500 nije huzen boud wurde. Dêr hat de provinsje ôfspraken oer makke mei beide gemeenten. Sy krije ekstra mooglikheden om te bouwen yn binnenstêden, omdat minsken dêr graach wenje wolle.

De gemeenten besjogge hoe't se ynspylje kinne op de fraach nei fleksibel wenjen. Hieltyd mear minsken sykje tydlik in bepaald hûs, bygelyks omdat se wachtsje op in folgjend keaphûs of omdat se in tydlike baan hawwe. Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren sille ek mei lokale partijen besjen hoe't nije huzen dy't boud wurde, sa enerzjysunich mooglik wurde kinne.

(advertinsje)