FIDEO: Heit Schulting folget Suzanne mei spanning

20 feb 2018 - 17:27

De shorttrackfroulju behellen tiisdeitemiddei In brûnzen medalje. Dat betsjutte ek de earste medalje foar Suzanne Schulting. Nei in dramatsyk begjin fan de Spelen, kaam de ûntlading. Net allinnich by Suzanne sels, ek by har heit Jan. 

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)