4,3 miljoen ekstra foar oanpak dyk nei Surhústerfean

20 feb 2018 - 16:55

De provinsje komt mei in definitive oanpak fan de Skieding, de provinsjale dyk tusken Surhústerfean en de A7. Der komme oanfoljende maatregels dy't yn totaal 4,3 miljoen euro mear kostje as begrutte. De totale kosten fan de oanpak wurde no rûsd op goed 12 miljoen euro. It plan bestiet yn grutte halen út it opheffen fan krúspunten, it ôfsnijen fan bochten en it oanlizzen fan stil asfalt. Ek ferfalle der mear as fyftich útritten. Dat moat soargje foar in feiliger dyk, mei in bettere trochstreaming en nofliker libjen foar omwenners.

De oanpassingen fan de Skieding binne ek foar in part op Grinzer grûngebiet. Dat makket it bysûnder, seit deputearre Sietske Poepjes. Yn totaal hat de provinsje mear as fjouwerhûndert petearen fierd mei bewenners, grûneigeners en belange-organisaasjes.

(advertinsje)