"Bij de Leijwei Hoarnstersweach is libbensgefaarlik"

20 feb 2018 - 16:14

De auto's ride der fierstente hurd, grutte trekkers komme oer de dyk en tuskentroch moatte skoallebern somtiden de berm yn om in botsing foar te kommen. De Bij de Leijwei yn Hoarnstersweach is libbensgefaarlik. De gemeente Hearrenfean sil yn 2018 guon diken oanpakken, mar de Bij de Leijwei sit net yn dat plan en omwenners begripe der neat fan.

De Bij de Leijwei is in lange, smelle dyk, dêr't auto's nearne stimulearre wurde stadiger te riden. Dat is gefaarlik foar fytsers en kuierders. De dyk sit net yn it ûnderhâldsplan fan de gemeente. Dat soe neffens de omwenners al moatte, want op guon plakken is de dyk oan it ôfbrokkeljen.

It FNP Hearrenfean hat fragen steld oan it kolleezje fan de gemeente Hearrenfean oer de dyk, yn de hope dat de situaasje ferbettere wurdt. 

(advertinsje)