Rjochter leit straf op foar mishanneling buorman mei koefoet

Justysje © Omrop Fryslân
In man út Wolvegea hat in wurkstraf fan 120 oeren krigen, omdat er syn buorman mei in koefoet mishannele hat. De twa hiene al lang in skeel oer it sket tusken harren tunen. Dat rûn út op in konfrontaasje wêrby't it slachtoffer de fertochte in triuw joech. Dêrop waard de fertochte sa lilk dat er de koefoet pakte en dêrmei úthelle.
Njonken de wurkstraf krige de man út Wolvegea in selstraf ûnder betingst fan twa moanne. En hy moat syn buorman goed 5500 euro oan smertejild en skeafergoeding betelje.