Selstraf ûnder betingst foar oantaasting 92-jierrige frou

20 feb 2018 - 15:07

In man fan 91 út Ljouwert is feroardiele ta in selstraf ûnder betingst, omdat er in frou fan 92 oantaaste hat. Dat barde by de frou thús yn fersoargingshûs Sint Jozef yn Ljouwert. Justysje easke twa wiken lyn oardel jier sel fanwegen ferkrêfting. Neffens de rjochter koe dat net bewiisd wurde, mar oantaasting wol.

De fertochte hat in proeftiid fan trije jier krigen. Hy mei yn dy tiid op gjin inkeld plak yn Nederlân yn in âldereinhûs komme, útsein as er sels opnaam wurdt. De man krijt ek begelieding.

(advertinsje)