Wetterpeil yn De Lauwersmar mei tydlik ferhege wurde

20 feb 2018 - 14:59

It wetterpeil yn De Lauwersmar mei tydlik mei fjirtich sintimeter ferhege wurde, om de groei fan it reid te stimulearjen. Dat hat de rjochter fan de Ried fan Steat besletten. Fryske en Grinslanner boeren en rekreaasje-ûndernimmers om de Lauwersmar hinne binne tsjin de peilferheging. Sy binne benaud dat se der skea fan hawwe sille. Sy fochten dêrom de fergunning oan, dy't it Wetterskip foar de proef mei it reid jûn hie oan de provinsje Grinslân. De Ried fan Steat fynt dat it wetterskip Noorderzijlvest de effekten fan it hegere wetterpeil goed genôch ûndersocht hat. Ut dat ûndersyk hat net bliken dien dat der skea ûntstean sil.

De reidproef kin no begjinne. As dy sukses hat, giet it wetterpeil alle jierren tydlik omheech. Letter dit jier is der noch in boaiemproseduere by de Ried fan Steat oer deselde kwestje. Dêrnei folget in definitive útspraak.

(advertinsje)