Pyeongchang, dei 14: Shorttrackfinales yn Súd-Koreä

22 feb 2018 - 06:30

It is tongersdei de dei fan it shorttrack. De finales fan de 500 meter by de manlju, de 1000 meter fan de froulju en de ôflossing stean op it programma.

11.00 oere: kwartfinales 500 meter manlju

De shorttrackmanlju ride fan 11.00 oere ôf de kwartfinales fan de 500 meter shorttrack. Foar Fryslân is Daan Breeuwsma de iennige troef. Sjinkie Knegt waard tiisdei teloarstellend útskeakele yn de kwalifikaasjes.

11.14 oere: kwartfinales 1000 meter froulju

Suzanne Schulting fan De Tynje komt tongersdeitemoarn yn aksje yn de kwartfinales fan de 1000 meter by de froulju. Sy ried har twa dagen lyn by de kwalifikaasjes maklik in omloop fierder.

Foarsizzingen

Alle dagen docht in panel fan sportsjoernalisten in foarsizzing foar de medaljekânsen fan dy dei. Dat binne Johan Stobbe (Leeuwarder Courant), Koos Wieling (sjoernalist Omrop Fryslân), Lisette van der Geest (sjoernalist Algemeen Dagblad), Joris van den Berg (kommentator shorttrack NOS), Roelof de Vries (sjoernalist Omrop Fryslân) en Cees Juffermans (âld-shorttracker en analist NOS)

500 meter manlju

Roelof de Vries
1. Dajing Wu (Sina)
2. Sandor Liu (Hongarije)
3. Samuel Girard (Kanada)

Joris van den Berg
1. Dajing Wu (Sina)
2. Sandor Liu (Hongarije)
3. Seo Yi Ra (Súd-Koreä)

1000 meter froulju

Roelof de Vries
1. Choi Min Jeong (Súd-Koreä)
2. Kim Boutin (Kanada)
3. Shim Suk Hee (Súd-Koreä)

Joris van den Berg
1. Shim Suk Hee (Súd-Koreä)
2. Choi Min Jeong (Súd-Koreä)
3. Kim Boutin (Kanada)

Cees Juffermans
1. Choi Min Jeong (Súd-Koreä)
2. Shim Suk Hee (Súd-Koreä)
3. Elise Christie (Ingelân)

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)