Man smyt beton fan fiadukt út lilkens om traach ynternet

© plysje Súd-east Fryslân
In ferstanlik beheinde man smiet op 31 augustus in stik beton fan hast 2 kilo fan it fiadukt oer de N381 by Appelskea, omdat er net tefreden wie oer de ynternetferbining yn syn ynstelling. Ien auto klapte boppe op it stik beton. De auto rekke slim skansearre, de bestjoerder kaam mei de skrik frij.
De offisier fan justysje easke tiisdeitemoarn oardel jier sel, wêrfan in jier ûnder betingst, tsjin de 35-jierrige man. Neffens de offisier is sprake fan besykjen ta deaslach. Nei it betonsmiten naaide de fertochte út op de fyts, mar fia in oprop op Facebook kaam de plysje him op it spoar. De rjochter docht op 6 maart útspraak.