Nij berneboek oer Alvestêdetocht presintearre

20 feb 2018 - 13:59

'Sipke syn Alvestêdetocht'. Dat is de namme fan in nij berneboek, wêrfan't tiisdei it earste eksimplaar oanbean is oan Wiebe Wieling, foarsitter fan de Alvestêdeferiening. It boekje makket diel út fan de Gouden Boekjes-searje. De Gouden Boekjes bestean 65 jier en dit is de earste kear dat der in twatalige útjefte is: Nederlânsk en Frysk. It boekje is skreaun troch Lida Dijkstra en wurdt fiiftûzen kear drukt. 'Sipke syn Alvestêdetocht' sil ferspraat wurde yn Nederlân en België.

Foarsitter Wieling is bliid mei it boekje. "Der binne net folle berneboekjes oer de Alvestêdetocht en it is moai dat bern der sa mei yn oanrekking komme kinne."

(advertinsje)