Sjinkie Knegt: ''Op sa'n momint echt in kloatesport''

20 feb 2018 - 13:38

Sjinkie Knegt fan Bantegea joech it tiisdeitemiddei nei de 500 meter as earste ta. ''Dit is net wêrom't ik hjir kaam bin'', fertelde in teloarstelde Knegt. ''Ik baal hjir enoarm fan. Dit wie gjin supertoernoai fan my. Op sa'n momint is it in kloatesport.'' De 28-jierrige Fries waard yn de kwalifikaasjes fan de 500 meter ferrassend útskeakele.

Ien medalje

Earder krige Knegt ek op de 1000 meter in straf. Mei de ôflossingsploech kaam de Nederlanner ek net yn de finale. Knegt giet mei ien sulveren medalje, fan de 1500 meter, nei hûs.

Wol yn foarm

It teloarstellende toernoai is foar Sjinkie Knegt net út te lizzen. ''Ik bin hiel goed yn foarm, mar de minsken dy't echt goed binne stean wol kontinu yn de finale.''

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)