Nederlân wint brûns nei shorttrackmirakel

20 feb 2018 - 12:48

De Nederlânske shorttracksters ha tiisdei in ûnferwachte brûnzen medalje ferovere op de 3000 meter ôflossing by de Olympyske Spelen. De ploech, mei Jorien ter Mors, Suzanne Schulting, Yara van Kerhof en Lara van Ruijven, profitearre fan de diskwalifikaasjes fan Sina en Kanada yn de A-finale. De Nederlânske ploech skode as winner fan de B-finale troch nei it tredde plak yn de einstân. Gastlân Súd-Koreä wûn it goud, Italië pakte de sulveren medalje.

Foar Ter Mors, dy't op de Spelen in Súd-Koreä al goud wûn op de 1000 meter by it reedriden, wie it in prachtich ôfskied yn har lêste rit as shorttrackster. Ter Mors giet har fan no ôf allinne mar op it reedriden talizze.

B-finale

De ploech fan bûnscoach Jeroen Otter ried in sterke B-finale. De shorttracksters pakten fan it earste rûntsje ôf de lieding en stienen dizze net mear ôf. De oerwinning krige ekstra pracht troch de tiid fan 4.03.471, in wrâldrekôr. Mei de winst yn de B-finale einige de Nederlânske ploech yn it totaalklassemint as fiifde, mar de gaoatyske A-finale levere dochs in brûnzen medalje op.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)