Sjinkie Knegt teloarstellend útskeakele, Breeuwsma wol troch

20 feb 2018 - 12:10

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea is tiisdeitemiddei teloarstellend útskeakele yn de kwalifikaasjes fan de 500 meter shorttrack yn Súd-Koreä. De Nederlânske shorttracker einige net by de bêste twa en waard nei ôfrin ek noch diskwalifisearre. Dêrom mei er tongersdei net meidwaan oan de kwartfinales. De 500 meter wie foar Knegt de lêste kâns op goud yn Súd-Koreä.

Daan Breeuwsma is wol troch nei de kwartfinales. De 30-jierrige Fries fersekere him fan in kwartfinaleplak troch as twadde te einigjen, efter Lim Hyo-jun.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)