Earste wittenskiplike publikaasje NHL Stenden oer 3D-inket

20 feb 2018 - 12:04

In ûndersyksteam fan it lektoraat Duurzame Kunststoffen fan NHL Stenden yn Ljouwert hat tegearre mei ûndersiker Vincent Voet nije stoffen ûntwikkele dy't tsjinje as inket foar 3D-printers. De publikaasje fan Voet oer de fining is publisearre troch The American Chemical Society en dy is foaroansteand yn ynternasjonale publikaasjes op it mêd fan gemyske wittenskip.

It artikel is de earste wittenskiplike publikaasje fan NHL Stenden. Se binne in jier dwaande west mei it ûndersyk. Dat is mei betelle troch de provinsje.

Trefwurden: 
NHL Stenden 3D-printer
(advertinsje)