Grutte bedriuwsbrân Itens: Eigener besocht sels te blussen

By in brân by in boubedriuw yn in pleats yn Itens is ien persoan út foarsoarch nei it sikehûs brocht. It giet om de eigener fan it bedriuw, dy't sels besocht hat om de brân te blussen. Hy hie lêst fan de reek.
De brânwacht is mei meardere weinen útriden nei de brân oan de Aenkommewei yn Itens. It bedriuwsgebou dat yn de brân flein wie, stie flakby in wenhûs. It liket derop dat it hûs net bot skansearre rekke is, al soe der wol reekskea wêze. Fan it bedriuwsgebou is net in soad mear oer.
By de brân is in protte reek frijkaam, dy't fuortwaaide yn de rjochting fan Easterein. De brânwacht hat minsken yn de buert warskôge om ruten en doarren ticht te hâlden.
Om healwei ienen hinne hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle. It is net dúdlik wat de oarsaak fan de brân west hat. Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.