Suzanne Schulting ienfâldich nei kwartfinale 1000 meter

© ANP
Suzanne Schulting fan De Tynje hat har tiisdeitemoarn op ienfâldige wize pleatst foar de kwartfinales fan de 1000 meter shorttrack. De Friezinne ried yn de kwalifikaasjes fan it begjin ôf oan de lieding en stie dy posysje net mear ôf. Ekaterina Efremenkove kaam as twadde oer de finish yn deselde rit en mei tongersdei ek weromkomme foar de kwartfinales.
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.