Motor populêr op It Amelân

20 feb 2018 - 11:09

It tal motorfytsen yn ús provinsje is wer tanaam. Neffens it CBS binne der yn Fryslân no tritich en in heal tûzen motors. Yn hiel Nederlân binne der no hast 656.000 motors. Mei 102 motors op tûzen ynwenners stiet It Amelân heech yn de list fan gemeentes mei de measte motorriders. It populêrst is it motorriden yn de leeftydskategory 50 oant 60 jier.

By motorcamping 't Witveen, de iennichste motorcamping fan Fryslân stean dêrom blokhutten. Want ek dêr is de grutste groep 50 plus. Eigener Jan Nijboer is drok dwaande mei de tariedings foar syn dielname oan de motorbeurs yn Utrecht kommend wykein. Hy krijt alle jierren mear gasten op syn camping. It tal oernachtings siet ferline jier op sa'n 400. En de earste gasten fan dit jier hat er ek al hân: tweintich kampearders út Rotterdam.

Trefwurden: 
motorride
(advertinsje)