Piet Paulusma ferwachtet 'serieuze winter' mei natueriis

20 feb 2018 - 09:33

De redens kinne út it fet. Dat seit waarman Piet Paulusma. Takom wike kin der neffens him op natueriis riden wurde. Neffens Paulusma komt der yn de nacht fan snein op moandei kâlde lucht út Ruslân ús kant op. Gefolch is winterwaar mei yn de nacht matige oant strange froast, mar ek oerdeis temperatueren ûnder it friespunt.

Dizze kâlde perioade kin oant begjin maart oanhâlde, sa is de ferwachting. Paulusma hat it oer in serieuze winterperioade.

Trefwurden: 
Piet Paulusma natueriis
(advertinsje)