Geert Kuiper set Leenstra op de bank by efterfolging

20 feb 2018 - 08:16

Marrit Leenstra komt woansdei net yn aksje op de heale finale fan de ploege-efterfolging tsjin Amearika. Har plak wurdt ynnommen troch reserverydster Lotte van Beek. Dat seit bûnscoach Geert Kuiper, dy't wer better wurden is nei in koarte grypoanfal.

Mei Ireen Wüst en Antoinette de Jong moatte de Nederlânske froulju sûnder al tefolle problemen de finale helje kinne. Normaal sprutsen sil Leenstra dan har fêste basisplak wer werom krije.

"It is in lúkseposysje"

"Lotte heeft dit seizoen al een paar keer goed gepresteerd op de achtervolging'', leit bûnscoach Geert Kuiper út. "Bovendien leveren we vrijwel niets in aan snelheid."

"Marrit behaalde brons op de 1500 meter, met Lotte 0,01 seconde erachter als nummer vier. Het is een luxepositie. Marrit is meer een sprintster en hoeft nu maar één keer te rijden.''

Kiest Kuiper foar Verweij of Roest?

By de mannen is Kuiper ek fan doel om te wikseljen, al wol er earst de lêste training ôfwachtsje foardat er dêr in definityf beslút oer nimt. Patrick Roest sil sa't it no liket yn it plak fan Koen Verweij oantrede tsjin Noarwegen. Mei kopman Sven Kramer en Jan Blokhuisen hopet Kuiper it goud binnen te slepen.

"Tegen Noorwegen zal alles moeten kloppen'', seit Kuiper. "Er is geen wisselgeld, we zullen helemaal voluit moeten gaan om de finale te halen. In principe neemt Patrick de positie in van Koen, maar pas na de laatste training nemen we de definitieve beslissing over onze wedstrijdstrategie. Het is feitelijk de keuze tussen de routine van een ingespeeld team of het inbrengen van een heel goede jongeling.''

"We moatte der gjin drama fan meitsje"

Verweij hie it dreech snein, yn de kwartfinales. Nederlân sette doe de twadde tiid del. Verweij klage doe oer syn materiaal. "Daar heb ik niets meer van gehoord, dus ik denk niet dat het een groot probleem was'', seit Kuiper.

"Koen zat aan het einde kapot, maar zijn eerste ronde aan kop was gewoon goed. Dus we moeten er niet heel dramatisch over doen. Bovendien rijdt hij hier vrijdag ook nog de 1000 meter. Vooraf hielden we er dus al een beetje rekening mee dat Patrick minimaal één keer in actie zou komen.''

De finale is ek woansdei. As Nederlân dat hellet, mei Kuiper de opstelling wer feroarje. Oft Sven Kramer dêr ek wat oer te sizzen hat? "Nou, ik vind het zeker belangrijk wat hij ervan vindt.'

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)