Kollum: "Jillert Anema 4-ever!"

20 feb 2018 - 07:21

'You love 'em or you hate 'em.' Of yn geef Frysk: je hâlde derfan of je reitsje der fan yn de skiterij. Dat jildt bygelyks foar in man as Louis van Gaal. Ien fan de bêste trainers yn de wrâld dy't fuotbal hjit. Louis wit wêr't er oer praat. Hy is eigensinnich en bewiist syn gelyk troch syn risseltaten. Hy is ûnbedoeld grappich troch syn soms brike útspraken, bytiden bot yn syn omgong mei minsken, agressyf en emosjoneel. Tagelyk is er as in heit foar syn spilers en hat er in hertsje sa grut as in bakkert.

As Louis in Fryske broer hân hie, hiet dy Jillert Anema. Dat wat Louis typearret jildt lyksa foar ien fan de bêste trainers yn de wrâld dy't reedriden hjit. De man is like kontroversjeel en hat itselde lytse hertsje. Mochten der guon fan jim wêze dy't him net kenne: hy is dy coach dy't yn Sotsji de Amerikaanske sportkultuer ôfkreake, live op de Amerikaanske stjoerder CNBC. 'Joe Emmerikkens olwees bielief det dee aar raait, olwees tink dee aar de best, bat no wee!' Hy sei ek noch dat se opkroadzje koene mei harren american football, dat dat neat om 'e hakken hie omdat it allinne mar yn Amearika spile waard. Hy slikke gjin sjerp en tute gjin konten 'on live tv'.

Jillert Anema is de trainer dy't raast en racht en mei dingen smyt as syn rider ferliest, dy't stampfuottet en him út 'e naad tjirget. En de trainer dy't him oer it berntsje fan Carien Kleibeuker ûntfermet, as sy huldige wurdt foar har Olympyske medalje. Dy Anema waard foarige wike beskuldige fan matchfixing. No ja, fjouwer lyn al, mar it kaam no pas nei bûten om't it NOC*NSF in brief nei de Volkskrant stjoerd hie. Twa fragen dy't der ta dogge: 1. 'Wie it matchfixing?', en 2. 'Wa is ferantwurdlik foar de heisa dy't ûntstien is?'

Anema wie yn Sotsji gelegenheidscoach fan de Frânsen. Dy ploech hie mei sykte te krijen. Se wiene al 100% kânsleas tsjin Nederlân, en troch dy sykte 1000%. Anema hie de Nederlanners frege om Frankryk net yn te heljen yn de wedstriid. Dat soe nammentlik betsjutte dat it Frânske team gjin jild mear fan harren bûn krije soe, omdat se dan te min prestearren. In fersyk út goederbêstens. It iennichste dat miskien op it rantsje wie, is dat Anema dêroan taheakke hie dat, ek al soe ien fan de Nederlanners falle, dat se dan dochs noch winne soene. In typyske emosjonele Anema-útspraak. It NOC*NSF sloech him dêrfoar op 'e fingers mei in offisjele warskôging, en formulearre de betingst dat it ûnderinoar ôfhannele wurde soe.

Antwurd fraach ien: gjin matchfixing. Antwurd fraach twa: it NOC*NSF is ferantwurdlik foar de heisa dy't ûntstien is. Want yn de hystearyske naasje dy't Nederlân is (twa snieflokken-koade read! Hiddema smookt in sigaretsje op telefyzje, ferskriklik!) is de saak al yn de polityk besprutsen om't de PvdA mear oer it 'etysk kompas' fan NOC*NSF witte wol, en minister Bruno Bruins ien en oar ûndersykje sil. It NOC*NSF hat in kilometer bûter op 'e holle yn dizze kwestje. Troch de rezjy net te hâlden en ôfspraken net nei te kommen ha se wat, dat it praat net wurdich wie, folslein ûntspoare litten yn it himerige mediaklimaat fan hjoed-de-dei. Sjoch, en dêr reitsje ik fan yn de skiterij!

(advertinsje)