Sloop driget foar De Spiker yn Ternaard

Slope: dat is it advys fan in ûnôfhinklike adviseur, dy't ûndersyk dien hat nei de takomst fan fersoargingshûs De Spiker yn Ternaard. Ofbrekke en nij bouwe is it meast duorsume senario, sa sei dizze saneamde ferkenner moandeitejûn yn in stiiffol doarpshûs yn Ternaard. Fersoargingshûs De Spiker moat fan eigener KwadrantGroep ticht. It kin net mear út, om it ferâldere gebou iepen te hâlden. Der sitte op dit stuit noch 21 bewenners.
Undernimmer Simmy de Vries kaam earder mei in plan om it gebou oan te passen en sa te behâlden. Dat hat in soad stipe krigen fan de befolking. It is ek ûndersocht, mar it plan soe net duorsum wêze. Sloop en nijbou hat neffens ferkenner Emme de Groot ek it measte draachflak, mar dêr like it by de gearkomste yn it doarpshûs net op.
It is no oan de gemeente, de eigener, de soarchfersekerder en in spesjaal oprjochte wurkgroep om te sjen hoe't se fierder wolle.