PvdA Fryslân wol oplossing foar djoere treinabonneminten

19 feb 2018 - 22:15

Noch foar de simmer moat der in oplossing komme foar it treinprobleem yn de regio Starum. Dat wol de provinsjale fraksje fan de PvdA. Neffens de partij binne der op dit stuit gjin betelbere treinabonneminten foar de 400 learlingen út de omjouwing fan Starum, dy't op advys nei skoalle gean yn Snits en Boalsert. In treinabonnemint kin oprinne oant sa'n 2.000 euro op jierbasis. In busabonnemint mei koarting kostet jierliks sa'n 1.000 euro. De reistiid mei de bus is lykwols trije oant fjouwer oeren op in dei, wylst de trein der mar 45 minuten oer docht.

De PvdA-fraksje kriget stipe fan wethâlder Stella van Gent fan de gemeente Súdwest-Fryslân. "Wij willen de leefbaarheid ook in de minst ontsloten gebieden behouden. Een goede toegang tot betaalbaar openbaar vervoer is daarbij, zeker voor scholieren, noodzakelijk."

(advertinsje)