Wetterskipsheffing bliuwt dit jier stabyl yn Fryslân

20 feb 2018 - 06:01

De wetterskipsheffing bliuwt it kommende jier stabyl yn Fryslân. Dat ferwachtet it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) op basis fan begruttingssifers fan Wetterskip Fryslân. Ferline jier betelle in Fryske mearpersoanshúshâlding mei in eigen hûs gemiddeld 416 euro oan heffingen. Dit jier sil dat sa'n 414 euro wêze. Fryslân is hjirmei ien fan de djoerste wetterskippen fan Nederlân. Dat komt trochdat der in soad wetter is yn de provinsje.

Lanlik nimt de wetterskipsheffing wol ta, ferwachtet it CBS.

(advertinsje)