Beloftederby Cambuur-Hearrenfean einiget sûnder doelpunten

19 feb 2018 - 21:02

De Fryske beloftederby tusken Cambuur en Hearrenfean hat moandeitejûn gjin winner opsmiten. Yn it Cambuur Stadion yn Ljouwert waard mei 0-0 lykspile. Beide ploegen krigen foaral yn de earste helte kânsen, mar de bal woe der net yn. Yn de twadde helte gie it spul op en del, mar bleaunen grutte kânsen út.

Troch it lyk spul behâldt koprinner Jong Hearrenfean yn de reservekompetysje in foarsprong fan 5 punten op nûmer trije Jong Cambuur.

(advertinsje)