Frysk projekt foar lêzen en skriuwen yn lanlike wedstriid

19 feb 2018 - 20:55

In Frysk projekt is selektearre foar in lanlike wedstriid yn de striid tsjin it min lêzen en skriuwen. It projekt is betocht troch Partoer, it Fryske buro foar sosjaal-ekonomyske fraachstikken, yn gearwurking mei it Friesland College en in groep minsken dy't sels net goed lêze en skriuwe kin. By it projekt meie de 'laaggeletterden' brieven fan oerheidsynstânsjes kontrolearje op de begryplikheid. De brieven wurde foarsjoen fan suggestjes om se ienfâldiger te meitsjen en dan weromstjoerd.

De lanlike wedstriid is in inisjatyf fan Tel mee met taal. Der kin oant 11 maart stimd wurde. De winner krijt in jildbedrach om it projekt út te fieren.

(advertinsje)