Coach Groenland teloarsteld: "Ik zag dit niet aankomen"

19 feb 2018 - 20:40

Se is teloarsteld en fernuvere. Coach Petra Groenland moat nei acht jier twongen ôfskied nimme fan follybalklup Snits en dat hie se leaver oars sjoen. It bestjoer kaam mei de meidieling dat se nei dit seizoen net mei har fierder woene. "Ik zag dit niet aankomen. Het bestuur wilde dat ik dit seizoen nog ging afmaken, maar volgens datzelfde bestuur zijn er twaalf speelsters die niet met mij verder willen."

Dêrnei luts Groenland sels har konklúzjes. "Dat vond ik heel moeilijk. Dat zag ik niet zitten. Toen heb ik gezegd dat we er beter maar meteen mee konden ophouden." Adriaan Boers is bestjoerslid fan VC Snits en ûntkent dat it giet om tolve spilers. "Zo hebben we dat ook niet gezegd tegen Petra. We zijn gaan inventariseren bij de speelsters en zijn daarna tot de conclusie gekomen dat er geen chemie meer was. Dat het om twaalf speelsters zou gaan, hebben we niet gezegd en bovendien is dat overdreven."

Kontrakt oant 2018 of 2020?

Groenland wie al dwaande oan har achtste seizoen. Se wie hiel suksesfol en wûn ûnder oare twa kear de Nederlânske titel. Har kontrakt rûn noch oant en mei 2020. Alteast, dat seit Groenland sels. "Hoe we dat afhandelen, weet ik nog niet." Neffens Boers rint it kontrakt lykwols dizze simmer ôf. "Zegt Petra dat het nog tot en met juni 2020 loopt? Nee, dat klopt niet. Anders waren we toch ook niet in gesprek over contractverlenging of niet? Of ik dat zeker weet? Ja, dat weet ik zeker."

Groenland: "Mijn contract loopt tot juni 2020 en verder wil ik daar niks over kwijt. Bovendien wil ik die meiden verder ook niet lastig vallen, nu ze beginnen met de kampioenspoule. Ik wil niet om me heen slaan. Dat verdienen die meiden ook niet. We hebben 4 januari een gesprek gehad over het verlengen van ons contract en een mondeling akkoord bereikt over nog twee jaar langer. Zij zeggen nu van niet. En er is geen handtekening gezet."

Relaasje

In pear wike lyn stapte assistint-trainer Ank Kampman ek al op, om persoanlike redenen. Krekt dêrfoar hiene Kampman en Groenland oan de spilersgroep bekendmakke dat se in relaasje ha. "Maar daar heeft het niks mee te maken", seit Boers.

VC Snits begjint dizze wike oan de lêste faze fan de kompetysje, dêr't de bêste seis ploegen oerbliuwe. Snits einige de reguliere kompetysje as twadde. Yn de kampioenspûl begjinne se woansdei mei in útwedstriid tsjin Alterno. Ruut de Wit, âld-trainer fan de manlju fan VC Snits, nimt it dizze wike tydlik oer as coach.

(advertinsje)