Age Hartsuiker rekkenet op trije sitten by riedsferkiezingen

19 feb 2018 - 20:03

Age Hartsuiker, listlûker fan Heerenveen Lokaal, rekkenet op trije sitten by de kommende riedsferkiezingen op 21 maart. Dat sei er moandei yn It Polytburo. Hartsuiker wie earder riedslid en wethâlder fan Gemeentebelangen, mar moast opstappe nei't der fia him in fertroulike mail lekt wie nei de krante.

Nei hast fiif jier wol er no syn politike comeback meitsje. Dat docht er opfallend genôch net by syn eardere partij, Gemeentebelangen. Dy partij is net foldwaande ûnôfhinklik, fynt Hartsuiker. Hy lit witte dat as soks oan 'e oarder komt, hy ek wol wer wethâlder wurde wol fan de gemeente Hearrenfean.

(advertinsje)