Petra Groenland hâldt op as haadtrainer by VC Snits

19 feb 2018 - 18:52

Petra Groenland hâldt op as haadtrainer by de follybalsters fan VC Snits. Neffens de klup is der net mear foldwaande gemy oanwêzich om har nei dit seizoen oan te hâlden as trainster. Hjirop hat Groenland besletten har wurksumheden fuortendaliks te beëinigjen. VC Snits wie ûnder de lieding fan Groenland de ôfrûne jierren tige suksesfol. Sa waard twaris de nasjonale titel en beker wûn en ek de Supercup.

Nei it beheljen fan it twadde plak yn de kompetysje, sette de Snitser froulju woansdei útein mei de play-offs om de nasjonale titel. It bestjoer fan VC Snits sil sa gau mooglik op syk nei in nije haadtrainer. Ruut de Wit, âld-trainer fan de manlju fan VC Snits, nimt it dizze wike tydlik oer as coach.

(advertinsje)