Mooglik tiny houses yn Drachtster nijbouplan Vrijburgh

De gemeente Smellingerlân sjocht nei it Drachtster nijbouplan Vrijburgh as lokaasje foar pleatsing fan saneamde tiny houses. Dat fertelt wethâlder Jos van de Horst nei oanlieding fan in kampanje fan Bouwend Nederland. Dizze belange-organisaasje foar bou- en ynfrabedriuwen stiet op it stuit mei in tiny house op it plein foar De Lawei om oandacht te freegjen foar lyts, duorsum en betelber wenjen.
Fanwege de riedsferkiezingen reizget Bouwend Nederland mei dit 'lytse húske' troch it lân om ynformaasje te jaan oan boargers en (kandidaat-)riedsleden. Smellingerlân hat neffens Van der Horst grif each foar dizze ûntwikkeling yn de bouwrâld, mar fynt wol dat de fraach fan ûnder op komme moat. As SP-listlûker soe Jos van der Horst it leafst sjen, dat der in eigen gemeentlike wenningkorporaasje komt, dy't dit soarte sinjalen út de merk oppikt en realisearret.