"Fryslân kin meiprofitearje fan komst Formule 1 nei Assen"

19 feb 2018 - 18:40

As it slagget om in Formule 1-race nei it TT-sirkwy fan Assen te krijen, soe Fryslân dêr bot fan meiprofitearje. Dat seit de Fryske VVD. Mei elk sukses fan Max Verstappen wurdt de kâns grutter dat de Formule 1 nei Nederlân komt, tinkt fraksjefoarsitter Avine Fokkens fan de Steatefraksje fan de VVD.

"Op het moment dat wij onszelf met Groningen en Drenthe als noordelijke regio op de kaart kunnen zetten met grootse evenementen en grote bedrijven hier naartoe kunnen halen, dan word je daar in totaliteit sterker van. Het zou mooi zijn als we van het circuit van Zandvoort kunnen winnen", sa seit Fokkens.

(advertinsje)