Meie fûgelwachten dit jier allinne earste ljipaai meinimme?

It bûn fan Fryske fûgelwachten BFVW sil mooglik in alternative, beheindere fergunning oanfreegje foar it sykjen fan it earste ljipaai. It idee is dat allinnich dit earste ljipaai meinaam wurde mei. Ien en oar betsjut dat der dit jier opnij gjin ûntheffing oanfrege wurdt foar it 'gewoane' ljipaaisykjen, wêrby't de fûne ljipaaien meinaam wurde meie.
De ôfrûne trije jier mocht der ek net nei ljipaaien socht wurde, om't dit net goed wêze soe foar de stân fan de ljippen. It BFVW nimt de kommende dagen in beslút oer oft der wol of net in alternative fergunning oanfrege wurdt.
Ledetal stabyl
Ut de jierferslaggen fan de fûgelwachten oer 2017 docht bliken, dat it tal leden ferline jier net tebekrûn is. Dêrmei is de delgong yn it ledetal fan de ôfrûne jierren ta stilstân kaam. Neffens it BFVW soe dat komme kinne, trochdat de leden wend reitsje oan it feit dat se net aaisykje meie. Se binne no mear rjochte op wat der noch wol kin.
De fûgelwacht yn Fryslân hat no goed 20.000 donateurs, wêrfan't der sa'n 3.800 ek aktyf binne yn it fjild, bygelyks mei de registraasje fan nêsten.