SC Hearrenfean krijt jild foar jeugdoplieding

19 feb 2018 - 16:56

Sportclub Hearrenfean krijt hast 150.000 euro fan de Vriendenloterij. It jild is foar de jeugdoplieding en oare maatskiplike projekten fan de klup. By de Vriendenloterij kinne dielnimmers meispylje foar in goed doel, klup of feriening dy't se sels kieze kinne. Fan elk ferkocht lot giet de helte nei it goede doel.

Hearrenfean brûkt it jild foar it Lifestyle en Maatschappijprogramma. Dat is bedoeld om bern njonken har fuotbaloplieding ek ta te rieden op in takomst yn de maatskippij. Dan giet it om de bern dy't net trochstreame nei it betelle fuotbal.

(advertinsje)