Friezen om utens: Joke Bakker út Nij-Seelân

Wannear langesto it meast nei thús? Foar it projekt Friezen om utens ynterviewt programmamakker Miranda Werkman Friezen oer de hiele wrâld. Wannear fiele se har thús? Hoe geane se om mei feroaringen en emoasjes en spilet de Fryske taal dêr noch in rol by? En foaral: wannear langje se it meast nei thús?
Yn dizze ôflevering Joke Bakker út Nij-Seelân. As lyts famke woe se al mear fan de wrâld sjen as Mitselwier. No sit se oan de oare kant fan de wrâld. Oer werom gean tinkt se fral op dagen dat se har wat 'silich' fielt.
Friezen om utens is ûnderdiel fan Lân fan taal, LF2018. It is fan 30 maart ôf te sjen yn it Paviljoen Liwwadders.