Friezen om utens: Oetze Deelstra út Lúksemboarch

16 mrt 2018 - 17:30

Wannear langesto it meast nei thús? Foar it projekt Friezen om utens ynterviewt programmamakker Miranda Werkman Friezen oer de hiele wrâld. Wannear fiele se har thús? Hoe geane se om mei feroaringen en emoasjes en spilet de Fryske taal dêr noch in rol by? En foaral: wannear langje se it meast nei thús?

Yn dizze ôflevering Oetze Deelstra út Lúksemboarch. Wannear kinst dy earne thús fiele? Hat dit te krijen mei hoe lang oft je earne binne? Of hoe lang je fan doel binne te bliuwen? Mar wat as je nearne langer as fjouwer jier wenje.

Friezen om utens is ûnderdiel fan Lân fan taal, LF2018. It is fan 30 maart ôf te sjen yn it Paviljoen Liwwadders.

(advertinsje)