Friezen om utens: Herman Rubingh út Noarwegen

Wannear langesto it meast nei thús? Foar it projekt Friezen om utens ynterviewt programmamakker Miranda Werkman Friezen oer de hiele wrâld. Wannear fiele se har thús? Hoe geane se om mei feroaringen en emoasjes en spilet de Fryske taal dêr noch in rol by? En foaral: wannear langje se it meast nei thús?
Yn dizze ôflevering Herman Rubingh út Noarwegen. Wat is der foar nedich om je dream wier te meitsjen? Herman fertelt iepen oer de grins tusken syn eigen gelok en dat fan de minsken om him hinne.
Friezen om utens is ûnderdiel fan Lân fan taal, LF2018. It is fan 30 maart ôf te sjen yn it Paviljoen Liwwadders.