Friezen om utens: Aafke Hoogterp út Frankryk

Wannear langesto it meast nei thús? Foar it projekt Friezen om utens ynterviewt programmamakker Miranda Werkman Friezen oer de hiele wrâld. Wannear fiele se har thús? Hoe geane se om mei feroaringen en emoasjes en spilet de Fryske taal dêr noch in rol by? En foaral: wannear langje se it meast nei thús?
Yn dizze ôflevering Aafke Hoogterp út Frankryk. Se gie har leafde achternei, in Frânske boer mei Fryske roots. Wat nimst fan dysels mei en wat moatst opjaan yn in oar lân? Wannear feroaret oanpasse yn jesels ûntploaie?
Friezen om utens is ûnderdiel fan Lân fan taal, LF2018. It is fan 30 maart ôf te sjen yn it Paviljoen Liwwadders.