Wurkstraf foar frou út Sumar foar oplichting

19 feb 2018 - 15:50

In frou út Sumar hat in wurkstraf fan 120 oeren krigen omdat se mei in falske identiteit oan it hanneljen west hat op Marktplaats. En se hat ek minsken oplichte fia Marktplaats. Se ferkocht mei de gegevens fan in oare frou in ketting fia ynternet. En se levere guod net, dat se wol ferkocht hie.

Njonken de wurkstraf moat de fertochte de skea fergoedzje dy't har slachtoffers hân ha.

(advertinsje)