Wurkstraf foar brutsen kaak slaan

19 feb 2018 - 15:45

In man út Surhústerfean hat in wurkstraf fan 100 oeren krigen, omdat er ferline jier simmer in man in brutsen kaak slein hat. Dat barde by in fjochtpartij nei in feest yn Droegeham. De fertochte sei, dat er nei de fjochterij stie te sjen en er samar in klap op 'e efterholle krige. Hy draaide him om en joech de man, dy't it tichtste by stie, in klap.

Njonken de wurkstraf moat de fertochte 1800 euro skeafergoeding en smertejild betelje oan it slachtoffer.

(advertinsje)