VVD-fragen oer stoomtrein

© Omrop Fryslân / Alle Faber
De VVD yn provinsjale steaten wol wite hoe't it komt mei de Friese Stoomtrein Maatschappij. De partij hat hjir fragen oer steld oan deputearre steaten. De stifting wol fan takom jier ôf in stoomtrein ride litte tusken Snits en Starum, mar hat grutte finansjele problemen. Ferskate bedriuwen dy't ynhierd wiene ha maatregels naam omdat se al skoften op har jild wachtsje. De provinsje is ien fan de grutte jildsjitters fan it projekt.