Yngenieur Klok fan Paqell Balk nominearre foar priis

Prins Friso yngenieurspriis © KIVI
Yngenieur Jan Klok fan it bedriuw Paqell yn Balk is nominearre foar de Prins Friso yngenieurspriis. De priis is bedoeld foar yngenieurs dy't har ûnderskiede yn ekspertize, ynnovearjend fermogen, maatskiplike impact en ûndernimmerskip. Jan Klok wurket ek by wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert en hy is spesjalisearre yn it ûntsweveljen fan gas. Dat soarget foar minder skea foar it miljeu.
Njonken Klok binne noch twa yngenieurs nominearre. Se wurde beoardiele troch in faksjuery, mar it publyk kin ek stimme. In stim útbringe kin oant en mei 18 maart op de webside fan de organisaasje. De Prins Friso yngenieurspriis wurdt takom moanne útrikt. Prinses Beatrix en prinses Mabel binne dêr ek by oanwêzich.
Ynterview mei yngenieur Jan Klok: